Epke Zonderland docht miskien net mei oan testwedstriid Rio

29 mrt 2016 - 10:39
  • Epke Zonderland

Epke Zonderland docht op 16 april miskien dochs net mei oan de testwedstriid yn Rio de Janeiro. De turner is wol opnommen yn de seleksje fan bûnscoach Mitch Fenner dy't yn Rio stride sil foar in ticket foar de teamwestriid op de Olympyske Spelen.

Tsjin De Telegraaf hat Epke sein dat er noch lang net fit is en dat de kâns dat hy meidocht fiftyfifty is. Hy hat noch hieltyd lêst fan de neiklappen fan in operaasje oan de byholten. Kommend wykein falt it definitive beslút by de ynterlân tsjin Frankryk.

Dêr wol Epke de oefeningen dwaan dy't er ek yn Rio dwaan wol. As dat net slagget, dan is it 'einde oefening'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)