Epke yn WK finale op rek

19 okt 2010 - 23:00
  • Epke Zonderland

Turner Epke Zonderland fan It Hearrenfean hat him op it WK yn Rotterdam pleatst foar de finale op it ûnderdiel rek. Hy einige as sânde yn de kwalifikaasje, wêrtroch er kommende snein turnje mei om de wrâldtitel. Ferline jier waard Zonderland 2e op itselde ûnderdiel by it WK yn Londen.

Op de brêge helle Zonderland de finale net, hy waard alfde. De Nederlânske ploech hat him ek pleatst foar it WK takom jier yn Tokio. De ploech waard santjinde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)