Epke wint goud en sulver

14 mrt 2010 - 17:45
  • Epke Zonderland (foto: Martin de Jong)

Turner Epke Zonderland fan De Lemmer hat by de earste wrâldbekerwedstriden fan it seizoen yn Cottbus goud en sulver wûn. Epke pakte op it rek goud en op de brêge sulver.

Epke, mei syn broer Herre as tydlik coach, helle op it rek in skoare fan 15.825. De nûmmer twa fan de wrâld wie better as de Japanner Yusuke Hoshi. Op de brêge wie dat oarsom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)