Epke twadde yn top 100 fan AD

31 des 2013 - 12:47
  • Epke ûnder syn gouden oefening

Turner Epke Zonderland is nei de Kening en de Keninginne de wichtichste Nederlanner fan dit jier. Dat fine de lêzers fan it Algemeen Dagblad. Sy koene in top 100 gearstalle fan minsken dy't der it measte ta dien ha yn 2013. Op nûmer 1 steane Kening Willem-Alexander en Keninginne Maxima, fansels fanwege har oantreden dit jier. Op nûmer 2 stiet Epke Zonderland.

Der steane noch twa Friezen yn de top tsien. Op nûmer 6 stiet Bauke Vaatstra fan De Westereen. En op nûmer 10 fine wy fotomodel Doutzen Kroes fan Eastermar.

Oare Friezen yn de top 100 fan it AD binne reedrider Sven Kramer, hurdfytser Bauke Mollema en trainer Gertjan Verbeek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)