Epke as tredde nei finale rek

03 apr 2009 - 20:53
  • Epke Zonderland

Turner Epke Zonderland hat him freed op it EK turnjen yn Milaan as tredde pleatst foar de finale fan snein oan it rek. Epke helle in skoare fan 15,600. De Italiaan Igor Cassina wie de bêste mei 15,800, de Gryk Vlasios Maras waard mei 15,625 twadde. Op de brêge helle Epke gjin finaleplak.

Foar Herre Zonderland sit it EK derop. Herre turne op de mearkamp 81,225 punten. Dat smiet in 27ste plak op. De bêste 24 komme yn aksje yn de finale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)