Epke of Sven sportman 2009

07 des 2009 - 08:33
  • Epke Zonderland nei syn oefening (foto Martin de Jong)

Reedrider Sven Kramer, turner Epke Zonderland en dressuerruter Edward Gal binne nomineard foar de Jaap Eden, de priis foar sporter fan it jier. Kramer wûn dy titel yn 2007 ek al. Hy is no nomineard om't hy ûnder oaren Europeesk- en Wrâldkampioen allround reedriden wurden is.

Epke Zonderland is nomineard om't hy twadde waard op it WK turnjen yn Londen oan de rekstôk en ferskillende wrâldbekerwedstriden wûn. EK it wrâldbekerklassemint oan it rek wûn er.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)