Epke sportman fan it jier, oeuvrepriis foar Jokelyn Tienstra

18 feb 2015 - 23:57
  • De winners op it Sportgala Fryslân 2014

Jokelyn Tienstra hat op it Sportgala Fryslân de oeuvrepriis krigen. De hânbalster en keatster fan Sint Anne waard dêrmei beleanne foar har sportive karriêre. Se stiet noch altyd yn de top tsien fan it keatsklassemint en spile as hânbalkeepster 176 ynterlâns foar Nederlân. Epke Zonderland waard sportman fan 2014, Ireen Wüst de sportfrou. Fierljepper Bart Helmholt waard útroppen ta Fryske sporter. De shorttrackploech mei Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma waard sportploech fan 2014. Dressuerrydster Rixt van der Horst wie de bêste hendikepte sporter.

Hurdfytster en reedrydster Aafke Soet waard útroppen ta sporttalint fan 2014.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)