Epke spektakulêr op rekstôk

22 maaie 2012 - 15:37

Turner Epke Zonderland is op dit stuit yn it Frânske Montpellier dêr't hy him tariedt op it Europeesk kampioenskip dat tongersdei úteinset. Zonderland wol dêr syn Europeeske titel ferdigenje op rekstôk.

Tiisdeitemoarn wie de lêste training en dêr fernuvere hy freon en fijân mei in nij elemint yn syn oefening. Zonderland kombinearret de Cassina mei de Kovacs en de Kolman. Dêrmei ferheget hy de útgongswearde fan syn oefening nei 7,9.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)