Epke sinjeart eigen boek

16 nov 2012 - 16:00

Epke Zonderland sinjearre freed yn Ljouwert it boek oer syn gouden Olympyske prestaasjes. Dat die er tusken alve en ien oere yn de boekhannel De Tille oan 'e Nijstêd.

It boek beskriuwt yn goed 100 bledsiden de legindaryske prestaasjes fan de turner fan De Lemmer, fan 't simmer yn Londen. Syn Olympyske oefening mei de trije flechteleminten op rige is fan begjin oan ein te sjen yn foto's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)