Epke: rek goed, brêge minder

28 jul 2012 - 12:10

Epke Zonderland hat sneon op de Olympyske Spelen goed turne op de kwalifikaasje. Op de rekstôk helle er 15.966 punten. Hy moast as earste begjinne. Der sieten in pear haperinkjes yn syn oefening en de ôfsprong wie mei in neihupke ek net hielendal sûnder wryt of slyt. Zonderland wie dúdlik tefreden nei ôfrin, wat op syn gesicht te sjen wie.

Pleatsing foar de finale op 7 augustus liket no hast net mear misgean te kinnen. Dat hinget fan de prestaasjes fan de oaren ôf.

Nei syn goede oefening op it rek levere Epke in wat mindere prestaasje op brêge. Hy behelle in skoare fan 15.133. De oefening wie net hielendal stabyl. Zonderland seit yn in reaksje dat er derfan útgiet dat er de finale op de brêge net hellet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)