Epke opnij Frysk Sportman

15 mrt 2012 - 22:38
  • Epke Zonderland op brêge NK 2013, Rotterdam Ahoy

By it Sportgala op It Hearrenfean is Epke Zonderland foar de twadde kear op rige keazen ta Frysk sportman fan it jier. Siler Pieter-Jan Postma en hurdfytser Pieter Weening wiene ek nominearre.

Sportfrou waard sylster Marit Bouwmeester. Sy liet de reedrydsters Ireen Wüst en Margot Boer achter har. Sportploech waard de reedrydploech fan BAM. Bart Helmholt waard opnij de winner by de Fryske sporten. Hurdfytser Alijda Norbruis wûn by de hendikepte sporters. De Fryske sportpriis, in oeuvrepriis, wie foar maratonreedrider Bertjan van der Veen.

Turnster Lisa Top wûn de priis foar it grutste talint en Maria Poiesz krige de priis foar sportfrijwillichster fan it jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)