Epke net op EK mearkamp

26 mrt 2009 - 12:21

Epke Zonderland docht takom wike net mei oan de mearkamp op it Europeesk kampioenskip turnjen yn Milaan. De Lemster sil allinnich útkomme op de rekstôk en de brêge by de yndividuele titelstriid. Foaral op it rek hat er goeie medaljekânsen.

Zonderland twivele al earder oft er oan de mearkamp meidwaan soe fanwege in skouderblessuere. Mar hy hold doe noch in slach om de earm. Fanwege it ôfsizzen fan Epke sil broer Herre no in folsleine mearkamp draaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)