Epke: mear ûnderdielen turnje

07 okt 2013 - 16:30
  • Epke, wrâldkampioen yn Antwerpen

Wrâldkampioen Epke Zonderland wol him de kommende jierren mear talizze op de oare tastellen fan de turnmearkamp lykas flier en ringen. Zonderland wol besykje om him sa mei it Nederlânsk team te kwalifisearjen foar de Olympyske Spelen fan Rio de Janeiro. Epke sjocht hjir in moaie sportive útdaging yn foar de kommende jierren.

Zonderland hat dit moandei sein yn in ynterview mei tv-programma Bynt fan Omrop Fryslân. De rekstôk en de brêge sille altyd syn bêste ûnderdielen bliuwe, mar hy wol graach mear allround wurde.

Zonderland is fierder wol wat ferbjustere troch al it omtinken foar syn oerwinning op it wrâldkampioenskip yn Antwerpen. Zonderland wurdt troch guon minsken fergelike mei Nederlânske sporthelden as Johan Cruijff en Fanny Blankers-Koen, mar dêr kin de Lemster him sels neat by foarstelle. Epke Zonderland komt moandeitejûn noch wiidweidich oan it wurd yn tv-programma Bynt. Ek is hy te gast by Pauw en Witteman.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)