Epke klear foar Challenge Cup

26 feb 2012 - 17:01

Turner Epke Zonderland hat snein in tal oefeningen turne op it Sidyk Turntoernoai op It Hearrenfean. Zonderland brûkt it toernoai yn syn wenplak as tarieding op de Challenge Cup kommende moanne yn it Dútske Cottbus. Dêr moat de 25-jierrige turner foarbehâld toane foar de Olympyske Spelen yn Londen dit jier.

Zonderland wachtet noch altyd op de definitive útspraak fan it NOC*NSF oer syn dielname oan de Spelen, dêr't ek Jeffrey Wammes graach foar Nederlân útkomme wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)