Epke jout klimles oan apen

13 aug 2010 - 14:30
  • Epke docht in oefening foar
  • In aap rint oer de triedden

Epke Zonderland hat freed turnles jûn oan de orang-oetans yn Ouwehands Dierenpark yn Rhenen. Fan de acht apen toande ien belangstelling foar de keunsten fan Epke. De aap die earst neat, mar kaam oan de ein fan Epke syn optreden dochs efkes yn beweging.

De apen hawwe sûnt koart in nij ferbliuw dêr't sy boppe de besikers oan 10 meter hege beammen slingerje kinne. Yn it âlde ferbliuw stiene gjin beammen. Dêrtroch soene de apen it klimmen en klatterjen fergetten wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)