Epke formeel foarmbehâld

23 mrt 2012 - 17:29

Epke Zonderland is der by de wrâldbekerwedstriden yn it Dútske Cottbus yn slagge om foarmbehâld te toanen. Dermei hat er formeel foldien oan de easken foar de Olympyske Spelen yn Londen takom simmer. Epke skoarde by de kwalifikaasjes foar de finale op it rek 15.000 punten. Dat wie in heal punt mear as de 14.500 dy't nedich wie.

It is no oan it turnbûn KNGU om him oan te wizen foar de Spelen. It bûn die dat al earder mar troch in rjochtsaak fan Jeffrey Wammes, de konkurrint fan Zonderland, moast it turnbûn dat beslút weromdraaie

Wammes fûn dat it turnbûn Epke te gau oanwiisd hie, omdat er noch gjin foarmbehâld toand hie. Wammes hie dat earder al wol dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)