Epke ek online kampioen

07 aug 2012 - 20:04
  • Epke Zonderland London 2012

De turnoefening fan Epke Zonderland op de Olympyske Spelen hat in protte losmakke. Dat wie tiisdei ek online te merken. Sa stie de namme fan de Lemster turner lange tiid yn de list fan worldwide trending topics op twitter.

Op itselde momint besochten rom 200 tûzen minsken fia de site fan de NOS de gouden oefening fan Epke te sjen. Dit wiene safolle dat de site it koarte tiid net oan koe en der útlei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)