Epke ek de bêste op it rek

16 jun 2013 - 18:23
  • Epke Zonderland

Turner Epke Zonderland hat snein yn Ahoy yn Rotterdam de titel wûn op it rek. Hy krige fan de sjuery in skoare fan 14.900. Twadde waard Karl Kosztka mei 14.050 en it tredde plak wie foar Boudewijn de Vries mei 13.700 punten. Zonderland turne net lykas op de Olympyske Spelen trije flechteleminten achterinoar. Hy hâlde it by twa. Mar net tsjinsteande de 'ienfâldige' oefening wie Zonderland de alderbêste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)