Epke eareboarger Hearrenfean

16 aug 2012 - 23:35
  • De huldiging fan Epke op It Hearrenfean luts tongersdei in soad folk

Epke Zonderland is tongersdeitejûn beneamd ta eareboarger fan Hearrenfean. De gemeente huldige Epke Zonderland foar sa'n 6000 minsken op de Oude Koemarkt fanwege syn gouden medalje op de Olympyske Spelen. Ek Céline van Gerner waard yn it sintsje setten. Sy waard ûnder lieding fan coach Gerben Wiersma út Grou tolfde op de mearkamp. Epke en Céline waarden yn in iepen auto troch It Hearrenfean riden. Epke krige njonken it eareboargerskip in horloazje mei ynskripsje en in sjek fan tûzen euro foar in goed doel.

Epke komt yn in moai rychje eareboargers te stean. Njonken Epke binne ek reedrider Sven Kramer, fuotbalcoach Foppe de Haan en alvestêdetochtwinner Jeen van den Berg eareboarger fan Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)