Epke: in dream dy't útkomt

06 okt 2013 - 18:44
  • Epke, wrâldkampioen yn Antwerpen

Epke Zonderland wie snein yn Antwerpen út de skroeven nei it beheljen fan syn earste wrâldtitel. 'Ik haw no alle titels wûn. Dit is in dream dy't útkomt', sa sei de Lemster. Zonderland siet ek nei syn oefening noch bot yn spanning. 'It wie tige spannend. Ik hie in skoare fan 16,000 en wist dat Fabian Hambüchen soks ek kin. As Fabian gjin hupke makke hie by de lanning, wie hy my mooglik foarby gien. Mar it is my slagge en dat is fantastysk.'

Zonderland is foarearst net fan doel om op te hâlden fan turnjen. 'Ik fyn it fierstente moai wurk.'

Zonderland is fan doel om 'yn alle gefallen noch in pear jier' troch te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)