EOD ûndersiket pakket Wolvegea

11 jan 2013 - 09:40
  • Plysje en EOD dwaande mei it ûndersykjen fan it pakket
  • De manlju fan de EOD dwaande mei har ûndersyk

De Explosiven Oprommingstsjinst (EOD) docht noch hieltyd ûndersyk nei in fertocht pakketsje op it stasjon fan Wolvegea. In reizger melde freedtemoarn betiid dat der in fertocht pakketsje neist it stasjon lei. Om dy reden mochten treinen net op it stasjon stopje. Letter waard it treinferkear folslein stillein.

Yn it pakketsje sitte nei alle gedachten flessen mei triedden deroan. De EOD hat in röntgenfoto makke en besjocht no oft dat mear oanwizings opsmyt. Helptsjinsten binne yn de buert foar it gefal it pakketsje gefaar opsmyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)