EOD rûmet brânbommen op

12 mrt 2011 - 09:09

It is noch net dúdlik oft de brânbommen dy't sneon op de fleanbasis Ljouwert oprêden wurde sille, op it plak sels ta ûntploffing brocht wurde sille of net. Dat hinget ôf fan de kondysje fan de bommen. Dat seit de Explosieven Opruimingsdienst. Dy ûndersiket sneon hoe't de bommen der oan ta binne.

It is de bedoeling om se earne oars te demontearjen. Mar as de bommen der te min oan ta binne, wurde se op it plak sels ta ûntploffing brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)