EOD rommet swier fjoerwurk op yn Ljouwert

01 jan 2016 - 03:44
  • De EOD by it fjoerwurk

Yn Ljouwert hawwe meiwurkers fan de Explosieven Opruimings Dienst doazen mei hiel swier fjoerwurk ûntmantele. It fjoerwurk stie opsteld om ôf te stekken yn grutte buizen op de Pasteurwei. Aginten seagen dat om middernacht hinne en warskôgen de EOD.

De helptsjinsten stienen paraat by it opromjen fan it guod en de wide omjouwing waard ôfsletten. Alles is yn beslach naam. It gong ûnder oare om tige swiere mortieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)