EOD rommet fiif bommen op

02 feb 2013 - 11:04

De Eksplosieven Opruimingsdienst Defensie EOD rommet sneon op de fleanbasis yn Ljouwert fiif bommen út de Twadde Wrâldoarloch op. It giet om fjouwer saneamde 500-pûners en ien fan 100-pûn fan Ingelske makkelij. De bommen binne fûn by drainaazjewurk.

Yn ferbân mei it romjen fan de bommen moatte de bewenners fan 23 huzen yn de buert fan Ingelum har hûs út. De bommen wurde meinommen en op in oar plak ta ûntploffing brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)