Entûsjasme by Pink Floydprojekt

25 mrt 2006 - 16:26

Mei in lytse 900 minsken wie De Harmonie freedtejûn útferkocht by it konsert fan it Pink Floydprojekt. Fryske topmuzikanten brochten foaral nûmers fan it legindarykse album 'Dark side of the moon'.

De muzyk wie neffens de oanwêzigen sûnder mis oertsjoegjend, al wie de presintaasje wol wat oan de statyske kant. Minsken dy't it konsert mist hawwe krije noch in kâns. Op 15 april is it twadde en lêste konsert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)