Entûsjasme oer 'wurdlist'

28 jan 2009 - 12:48

Koelkast, yoghurt, pinne. It binne in pear wurden fan 'e wurdlist dy't de beukers fan groep 1 en 2 yn Amsterdam leare moatte foardat se nei groep trije gean. Fan woansdei ôf moat dizze list it ûnderwiisnivo omheechhelje.

Sa'n list soe eins lanlik ynfierd wurde moatte. Yn Fryslân wurdt posityf reagearre. Underwiisorganisaasje Cedin is entûsjast, want alles dat achterstân fuortwurkje kin is goed. Yn Fryslân soe ek wurke wurde kinne mei in Fryske list foar Frysktalige bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)