Ensafh. hâldt poëzijfeest

30 sep 2013 - 12:57

Yn Ljouwert fynt kommende freed in grut poëzy- en popfeest plak. It wurdt organisearre troch it Fryske literêre tiidskrift Ensafh. Dichters as Piter Boersma en Gysbert Japicx-priiswinner Jacobus Q. Smink sille foardrage, en der is muzyk fan Hans de Wild en Rob du Jardin.

Doel fan it evenemint is om te besykjen it publyksberik fan it tiidskrift en de Fryske literatuer yn syn gehiel te fergrutsjen. It Ensafheest is freed yn poppoadium Romein yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)