'Enna Aerosols moat betelje'

02 okt 2004 - 12:35

Spuitbussefabryk Enna Aerosols út Dokkum moat it ferdwûne pensjoenjild weromjaan oan de wurknimmers. De fakbûnen meie har beslach op de foarrieden fan it bedriuw oant dy tiid hanthavenje. Dat hat de presidint fan de Ljouwerter rjochtbank útsprutsen.

De fakbûnen spanden in koart pleit oan tsjin it beriuw om in bedrach fan 376.000 euro oan pensjoenjild boppe wetter te krijen. It bedriuw brûkte it jild om in reorganisaasje te beteljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)