Enna Aerosols foar rjochter dage

16 sep 2004 - 09:00

De fakbûnen daagje it bedriuw Enna Aerosols yn Dokkum foar de rjochter. Neffens de FNV, de CNV en in groep wurknimmers hâldt it bedriuw him net oan de CAO. Ofspraken oer in VUT- en pinsjoenregeling soene net neikaam wêze.

Sa is it neffens de fakbûnen ûndúdlik wêr't it jild is dat foar de regeling reservearre wêze soe. It konflikt duorret al in skoftsje en skot sit der net yn. De fakbûnen ha dêrom in koart pleit oanspand, dan moandei tsjinnet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)