Enna Aerosols Dokkum fallyt

20 apr 2010 - 13:48

Spuitbussefabryk Enna Aerosols yn Dokkum is fallyt. Neffens fakbûn CNV gie it al langer net goed mei it bedriuw om't klanten fuortbleaunen. Ek is it fabryk bot ferâldere. Der hat koartlyn in reorgansaasje west wêrby't in tal minsken nei hûs ta stjoerd is.

CNV-bestjoerder Kampherbeek tinkt dat in trochstart fan it fabryk hast útsletten is. By Enna wurken goed 50 minsken. It fabryk gie yn 2005 ek alris fallyt, mar makke dêrnei in trochstart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)