Enkêtes yn Súd-Fryslân

02 sep 2008 - 11:14

Sa´n 3000 húshâldens yn Súd-Fryslân krije woansdei in enkête thússtjoerd. De gemeenten Lemsterlân en East- en Weststellingwerf wolle witte wa´t der krekt yn de regio wenje en wêrom.

De enkêtes gean dêrom nei de minsken dy´t koarter as trije jier yn dat gebiet wenje. De útkomst fan de enkête wurdt brûkt by it meitsjen fan plannen foar nije wenten en it ferbetterjen fan de foarsjennings yn de trije gemeenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)