Enkête ûnder Nijefurders

06 aug 2006 - 16:54

Ynwenners fan Nijefurd kinne takom moanne meidwaan oan in tefredenheids- ûndersyk yn de gemeente. Begjin septimber wurdt by 150 hûshâldens en 75 bedriuwen binnen de gemeente in telefoanyske enkête ôfnommen.

De minsken en bedriuwen dy't frege wurde om mei te dwaan wurde mei in a-selekte stekproef útsocht. It ûndersyk wurdt dien troch in ekstern buro. De resultaten wurde anonym ferwurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)