Enkête oer wetterpeil Burgum

10 mrt 2006 - 13:03

Wetterskip Fryslân hâldt in enkête ûnder de minsken dy't wenje yn it gebiet tusken Burgum, de Burgumermar en Ljouwert. It wetterpeil moat dêr oanpast wurde, omdat de grûn sakket troch de winning fan gas.

It Wetterskip sil ek op tal fan plakken mjitte hoefolle de grûn sakket. Dat kin farieare fan 0 oant 13 sintimeter. Om in better byld te krijen fan de aktuele situaasje wurde minsken yn it gebiet frege om ynformaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)