Enkête oer sweeftrein

15 maaie 2003 - 00:00

Alle Friezen krije in sweeftreinkrante troch de bus mei dêryn in enkête oer dat ûnderwerp. Fierder komt der in aparte opinypeiling en wurde maatskiplike organisaasjes lykas doarpsbelangen nei har miening frege oer de komst fan de sweeftrein.

Foar de provinsjale ferkiezings waard tasein dat de Fryske befolking noch in kâns krije soe om har miening te jaan oer de sweeftrein. Dat bart no nei de simmer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)