Enkête oer spoar Ljouwert-Harns

02 sep 2003 - 00:00

De Steatefraksje fan de PvdA is tiisdei op de trein stapt. De politisy woenen mei de reigzers op it trajekt tusken Ljouwert en Harns prate. Hat it spoar noch takomst, wie de fraach.

Goed 2500 reizgers sitte alle dagen yn de trein. Mar ûndernimmers út de Westergozône wolle de ferbining opheffe om't de ynvestearringen te djoer binne. Se wolle in rappe busferbining. De Steaten prate meikoarten oer de takomst fan de spoarline.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)