Enkête oer peallen Frjentsjer

06 jan 2006 - 15:23

It aksjekomitee dat him ferset tsjin de grutte peallen op de Breedeplaats yn Frjentsjer wol der in enkête oer hâlde yn de Frjentsjerter krante. Ynwenners kinne dan har miening jaan oer de peallen.

It aksjekomitee seit dat de peallen der op de boutekeningen hiel oars útseagen as at se wurden binne. Se wiene minder heech en ek net sa breed. Dat soe de reden wêze dat der net in soad ferset kaam is, foardat se der delset binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)