Enkête oer konflikt dûmny

23 des 2002 - 00:00

De ynwenners fan Easterein kinne har meikoarten útsprekke oer it konflikt tusken dûmny Zijlstra en de tsjerkerie. Twa leden fan de tsjerke ha it inisjatyf nommen foar in 'enkête'.

De dûmny is ein foarige wike op nonaktyf setten, mar hy leit him dêr net by del. It konflikt yn de SOW-gemeente fan Easterein spilet al in skoft. Doel is om in mediator, in bemiddeler, mei de resultaten fan de enkête oan it wurk te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)