Enkête oer gemeente Opsterlân

08 feb 2005 - 15:33

Opsterlân wol fan syn ynwenners witte hoe't sy tinke oer de tsjinstferliening fan de gemeente. Besikers fan it gemeentehûs wurdt dêrom fan dizze wike ôf frege om in enkêteformulier yn te foljen. Minsken dy't de ôfrûne tiid op it gemeentehûs west ha krije sa'n formulier tastjoerd.

By de enkête wurdt ûnder oaren frege nei de telefoanyske berikberens fan it gemeentehûs en de tsjinstferliening oan de baly's. Ein maart komt de útslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)