Enkête oer ekonomy Achtkarspelen

25 nov 2004 - 13:32

De gemeente Achtkarspelen freget de ûndernimmers yn de gemeente hoe't sy tinke oer de lokale ekonomy. De gemeente docht dat yn de foarm fan in enkête dy't oan alle 1200 bedriuwen ferstjoerd wurdt.

Boargemaster en wethâlders fine de miening fan de ûndernimmers hiel wichtich om't sy foar wurkgelegenheid soargje. De útkomsten fan it ûndersyk moatte de basis foarmje foar it nije ekonomyske beliedsplan fan de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)