Enkête oer dyk Twizel

10 apr 2007 - 14:16

Ynwenners fan Twizel krije in enkête oer de oanpak fan de provinsjale dyk troch it doarp. De dyk troch Twizel is te drok. It grutste knipepunt is de krusing mei de Mounewei. Yn spitsoeren ûntstean der faak opstoppings.

De dyk wurdt dêrom oanpakt, mar dat duorret noch wol in pear jier. Yn 'e tuskentiid wurde de ynwenners fan Twizel frege oft se ek ideeën hawwe foar in oplossing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)