Enkête doarpshûs De Rottefalle

07 feb 2005 - 15:55

Ynwenners fan De Rottefalle krije dizze moanne in enkête yn 'e bus oer doarpshûs It Tiksel. Mei de fragelist wol it bestjoer fan it doarpshûs derefter komme hoe't de Rottefalsters oer It Tiksel tinke. De enkête giet ek nei de brûkers fan de akkomodaasje.

De ynwenners fan De Rottefalle kinne oanjaan wat sy goed fine oan it doarpshûs en wat se misse. Oan de hân fan de útkomsten fan de enkête wurdt in takomstfisy foar It Tiksel makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)