Enkête oer keapsnein Ljouwert

02 maaie 2012 - 12:01

Der komt opnij in enkête oer it hâlden fan keapsneinen yn Ljouwert. CDA, SP en ChristenUnie wolle witte wat de ûndernimmers fan dy keapsneinen fine. De partijen sels hawwe it idee dat it wol wat minder kin. Dat die ek bliken út in ûndersyk dat de ChristenUnie yn 2008 oer de Ljouwerter keapsneinen hâlde. De gemeenterie gie dêr doe lykwols net yn mei.

Op 5 juny wurde de resultaten fan de nije enkête bekend makke. Ofhinklik fan dy resultaten sil de rie mooglik frege wurde it tal keapsneinen yn Ljouwert te ferminderjen.

Ljouwert hat no njoggentjin keapsneinen yn it jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)