Enise B. yn berop tsjin selstraf fan 12 jier foar geweld

12 jan 2016 - 13:57
  • Antonio van der P. en Enise B.

It gerjochtshôf yn Ljouwert behannelet nije wike woansdei it heger berop fan Enise B. Sy waard yn april feroardiele ta 12 jier finzenisstraf, neidat se mei har freon Antonio van der P. fan De Harkema twa jier lyn in spoar fan geweld troch it lân luts. Beiden koene úteinlik yn Dútslân oanhâlden wurde. De advokaat fan Enise fûn de straf fuortendaliks al te heech, ek om't se net earder mei justysje yn oanrekken west hat.

Antonio waard ta 16 jier selstraf feroardiele. Hy gie net yn berop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)