Enise B. sil yn heger berop tsjin 12 jier sel

17 apr 2015 - 13:03
  • Antonio van der P. en Enise B.

Enise B. giet definityf yn heger berop tsjin de selstraf fan 12 jier dy't se begjin dizze moanne krige. Dat hat har advokaat freed bekend makke. Enise en har freon Antonio van der P. fan De Harkema lutsen begjin foarich jier in spoar fan geweld troch it lân.

Se koenen úteinlik yn Dútslân oanhâlden wurde. Har advokaat fynt de straf te heech, ek al om't se net earder mei justysje yn oanrekken west hat. Antonio waard ta 16 jier selstraf feroardield.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)