Enise B. feroardiele ta 12 jier sel

17 feb 2016 - 14:47
  • It gerjochtshôf yn Ljouwert

It gerjochtshôf yn Ljouwert hat de 21-jierrige Enise B. yn heger berop feroardiele ta in selstraf fan 12 jier. Se krijt de straf foar har belutsenheid by it ''spoar fan geweld'' dat se neffens it hôf tegearre mei har freon Antonio van der P. fan De Harkema yn febrewaris 2014 troch Nederlân luts.

Bonnie en Clyde

De straf is gelyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje en de straf dy't se earder oplein krige troch de rjochtbank. It duo krige de bynamme Bonnie en Clyde. Se waarden nei in klopjacht yn Dútslân arrestearre foar ûnder oaren besykjen ta deaslach, stellerij mei geweld, swiere mishanneling en ôfparsing.

Plasman

Advokaat Peter Plasman seit dat hy teloarsteld is oer de útspraak. Hy hie oare ferwachtingen by it heger berop. Antonio van der P. krige earder 16 jier sel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)