Enexis moat ljochten út krije

24 mrt 2010 - 11:55

It bedriuw Enexis soarget der de kommende wiken foar dat de 1800 strjitljochten yn Ljouwert dy't ek oerdei oan binne wer útgeane as it bûten ljocht is. It ynbouwen fan 1800 tiidskeakelers moat dêrfoar soargje.

Fan jannewaris ôf baarnden tsientûzen ljochten ek oerdei. Yn 8200 gefallen is dat probleem oplost, mar dy 1800 dogge noch net wat se dwaan moatte. De oarsaak is in stikken toan-frekwint-stjoerder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)