Enexis ferheget beleanning net

03 mrt 2014 - 20:44
  • Enexis

It berjocht dat Enexis de ynkommens fan de topbestjoerders ferdûbelje wol oant fier boppe de Balkenendenoarm is ûnsin. Dat stelt it netwurkbedriuw nei oanlieding fan krityk fan oandielhâlders. Dat binne provinsjes en gemeenten.

In part fan de noardlike oandielhâlders kaam it ôfrûne wykein yn opstân tsjin de ûnderstelde ferdûbeling fan de topsalarissen. Neffens Enexis is dat net oan de oarder. It bedriuw hat de minister fan Ynlânske Saken witte litten tsjin in foarnommen ferleging fan de beleannings te wêzen.

Bestjoerders meie dan maksimaal mar 144-tûzen euro fertsjinje, wylst dat no noch 187-tûzen euro is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)