Enerzjysunige wyk yn Ljouwert

09 okt 2007 - 12:02

Ljouwert krijt nei alle gedachten in wenwyk mei allinne mar enerzjysunige hûzen. De wyk moat oan de súdkant fan de stêd komme. It giet om in idee fan projektûntwikkelder Seinen út Ljouwert.

Seinen hat mei de TU yn Delft en ûndersyksynstitút Carthesius in plan foar 250 'skjinne' hûzen makke. Alle enerzjy dy't nedich is, wurdt troch ynstuminten yn it hûs sels opwekt. De provinsje en de gemeente binne bliid mei de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)