Enerzjysintrale yn Drachten

10 mrt 2005 - 10:33

It enerzjybedriuw SEQ út Bunnik wol 100 miljoen euro ynvestearje yn in nije miljeufreonlike elektrisiteitssintrale dy't yn Drachten komme moat. De bou stiet pland oan de Tussendiepen op yndustryterrein de Haven yn Drachten.

De sintrale hellet gas út de grûn, dat yn elektrisiteit omset wurdt. De koaldiokside dy't dêr by frij komt, wurdt dêrnei wer yn de grûn pompt. It is de earste sintrale yn syn soart yn Europa. SEQ wol der meardere bouwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)