Enerzjyneutrale huzen sintraal by wenningmerk Tytsjerk

19 nov 2015 - 20:51
  • Besikers by wenningmerk Tytsjerk
  • Besikers krije ynformaasje oer enerzjysunige maatregels

Enerzjyneutrale huzen moatte it keapers op de huzemerk oantrekliker meitsje om de stap nei in keapwenning te nimmen. Tongersdeitejûn wie der in wenningmerk yn Tytsjerk, dêr't enerzjysunige huzen sintraal stienen. Der kamen tsientallen besikers op ôf.

Se koene by makelers, isolaasjebedriuwen, oannimmers, it Enerzjyloket en oare standhâlders wizer wurde op wengebiet en de huzemerk. Der wie ynformaasje oer subsydzjes en enerzjysunige maatregels foar sawol nije as besteande huzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)